Lorem ipsum

Een selectie uit de korte, hoofdzakelijk, fryske gedichtjes die geschreven en gepubliceerd worden op de wandelapp (Strava)
Met de natuur, beelden, woorden en gedachten als inspiratie

25-7-2022

Omtoffelje

We skarrelje troch de tiid. 

Toffelje soms doelleas om. 

Rinne faak op aaien. 

As binne fan de leg. 

 

Mar ha dochs wat fetrouwen.

Dat inkele aai dy't dwers leit, 

rekkest wol wer kwyt. 

Sjoch nei al de moaie aaien,

wês dêrmei,

as in hin sa bliid.

16-7-2023

Ik wol foaroan stean, 

sei de donkere wolk. 

En mei help fan de wyn, 

skode hy foar de sinne.

Ach, sei de sinne. 

al waaist, do wyn, ek noch sa hurd, 

en sjogge, jim wolken, donker en lilk. 

Myn ljocht skynt troch jim hinne. 

Ik sil it fan jim winne. 

Ferjit net, de skepper hat my boppe jim stelt. 

Dêrom, oan my, it lêste wurd. 

27-8-2023

Net folle op't paad fannemoarn, 

foar, "in stikje rinne" 

Miskien troch it hast net,

oanwezich wêsen fan de sinne. 

De waarman hie it al sein, 

sinne, wolken, mei kans op wat rein. 

Mar, "se sizze" is faak,

net altiid wat it is. 

En rinne we dêrtroch, 

faaks hiel wat mis. 

Soms moat je gewoan gean,

en sjogge dan grif, 

ûnderweis allegear moais stean. 

12-5-2024

In blomke. 

Foar de mem dy't my, 

yn de widze lei. 

In ferske foar it sliepen learde, 

oan it einde fan de dei. 

Foar de mem, 

dy't graach mem wêze woe.

Mar it net wurde koe

Foar de mem, dy't ha sels fuort jouwt.

Elke dei, ha hiele wêzen

oan it gesin tafertrouwt. 

Mar foaral ek foar dy leave mem

dy't altiid fol soarch en leafde is, 

foar ús eigen bern. 

19-6-2024

 

Ek in slak, 

komt wêr der wêze wol.

Is nei syn reis, 

likegoed ûnder dak. 

Wêrom altiid sa hastich. 

Sjochris nei him

Doch it is wat faker, 

op dyn gemak.

25-6-2024

Fan Eau de parfum, oant okselfris.

Eau de toilet en wat er al mear net is. 

Wy mei al ús syntetyske geuren. 

It sil rûke, goed foar de "mood" 

Mar yn't foarste plak,

is it foar de fabrikanten goed. 

Gean wat mear nei bûten. 

Stek de noas yn de blom fan de flear. 

As in jasmijn yn it knoopsgat

Ik komt je sa oanwaaien.

It is Swiet, it is súver. 

De geur fan de natuer,

it jouwt gewoan safolle mear. 

28-6-2024

In skilderij wurdt ús hjoed wer jûn

De moaiste ferve leit der op. 

Himmels blauw, as ûndergrûn. 

Dêr boppe, in protte kleuren grien

en lytse stipkes yn fijnste kleuren, 

sa as giel en blauw. 

En ek binne der hege bergen fan stien. 

It is te sjen, dat de kwast hjir foar,

net leit yn in minske hân. 

Litte wy der hjoed gjin krassen

opmeitsje. 

We ha, fan dit skilderij, mar ien. 

en dy wolle we net kwytreitsje. 

28-7-2024

Hokker wegen we ek rinne, 

hoe bryk as rjocht se ek binne. . 

Oeral is wat oer te stroffeljen. 

Kinst únderút gean. 

Mar ast goed sjochst, 

sjochst ûnderweis, 

ek oeral blommen stean. 

20-10-2024

Hjerst, de winter is yn oantocht. 

Beammen moatte hun,

waarme tekken, wer ôfstean. 

As dwarreljende bledsjes falle se op de grûn. 

Mar, se folle net fergees. 

Stikelbargjes, se ha der wer in plakje yn socht. 

In waarme tekken om ûnder del te jaan. 

Klear, foar de lange wintersliep. 

De skepping,

dêr is oer neitocht. 

27-10-2024

Simmertiid wurdt wintertiid. 

Seizoenen wikselje mekoander ôf. 

Beammen reitsje de blêdsjes kwyt

se falle wer, soms ien foar ien

dan wer, yn meartallen fan tsien

Alle bloei falt op Syn tiid. 

Oant de tiid ta, dat er net mear falt. 

Dan is it foar altiid, simmertiid. 

10-11-2024

Ssst, stil even.

Luister, loop er niet steeds aan voorbij

Waardeer de schoonheid. 

Het normale van het alledaagse

Proef de rijkdom van de stilte. 

Sta eens vaker stil

Bij een stilleven. 

24-11-2024

Swarte pieten, yn alle soarten en maten. 

Se binne wer yn it lân, 

en hâlde ús yn de gaten. 

Minsken pas op wat jim dogge. 

Oars is it ek jim namme dy’t je 

yn it grutte tsjokkeboek sjogge. 

Mar binne jim leaf

en ha gjinien by de poat, 

dan leit er fêst ek wol wat foar jim, 

op Sint syn grutte pakjesboat

19-1-2025

Mist, mist en nochris mist.

Griis en grauw,

en it ûntnimt alle sicht.

Mar wat tichtby is, 

hoegt net te ûntgean

Safolle wat is. as in stip. 

De ienling.

Dat wat lyts is. 

Dy befêzen drip.

Sjoch nei wat te sjen is

Dan sjogge je oeral, 

noch hiel wat moais stean.

Information icon

We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden

Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.